Kodûnsjen fersetten nei moarn 14 april

Omdat it waarberjocht foar snein wat reinen oanjout, litte wy de kij der moarn út. Foar moarn wurdt droech waar ferwachte. Omdat it waarberjocht net sa hiel stabyl is, is it wol goed om moarnier noch efkes op de site te sjen oft it trochgiet.

Op sneon 14 april binne jo fan 12.00 oere ôf wolkom. Dan stiet de kofje klear. Om 13.00 oere dogge wy de doarren iepen.

Kodûnsjen op snein 15 april

As freed en sneon net tefolle reinwetter falt, sille snein de kij nei bûten ta. Om 11 oere stiet de kofje en koeke klear, om 12 oere dogge wy de doarren iepen.

Sjoch foar de wissichheid sneintemoarn noch efkes op de site (je witte it mar nooit mei it waar....).

Ynkoarten wer it kodûnsjen; datum noch net bekend

Ek dit jier hâlde wy wer it jierlikse kodûnsjen. It lân is no noch te wiet, mar sadra't it droech genôch is, sille de kij der wer út. Sa't it no liket, wurdt dat it kommende wykein of it wykein dêr op (14 of 15 april). As der sicht is op de datum, stjoere wy in nijsbrief.

Moaie foarstellingen fan Kening fan de Greide

Fan tongersdei 22 juni oant en mei snein 25 juni spile Kening fan de Greide fan Pier21 en toneelgroep Jan Vos by ús op it hiem. Foarôf ite en dan de foarstelling sjen. Hjirûnder in pear foto's fan René den Engelsman.

 simmerdeis 1  simmerdeis 2

simmerdeis 3   simmerdeis 4

simmerdeis 5   simmerdeis 6

 

Lekker nei de bioboer op 18 juni

lekkernaarbioboer2Krekt as oare jierren hâlde wy ek dit jier wer in iepen dei yn it ramt fan Lekker naar de Bioboer.  Op ús bedriuw binne jo tusken 11 oere moarns en healwei fjouweren middeis fan herte wolkom om yn de kunde te kommen mei ús manier fan buorkjen. Jo kinne it lân yn, tusken de kij sjen, krûden sykje of gewoan genietsje fan de rêst yn it lân.

Oant snein 18e juny!

In protte minsken by it kodûnsjen

kodûdnsjen2017Ûnder grutte belangstelling gongen de kij hjoed foar it earst it lân wer yn. Der wiene likernôch 400 minsken om it spektakel te besjen. Hooplik wurdt it in lange greidesimmer mar dat bliuwt fansels ôf te wachtsjen.......

Se hawwe it yn de gaten

kijhastderutHjoed sille de kij derút. Fan 11 oere ôf stiet de kofje klear. Oant aanst.

Snein 2 april sille de kij derút!

IMG 3558Op snein 2 april hâlde wy it kodûnsjen. Fan 11 oere ôf binne wy 'iepen'. Foardat de doarren fan de stâl iepen gean biede wy jo in kopke kofje mei koeke oan. It doel is dat om 12.00 oere de doarren fan de stâl iepen gean.

Mocht it om wat foar reden dan ek net trochgean, dan sette wy dat sneintemoarn op de side.

Oant snein!

Datum kodûnsjen wat ûnwis oan it wurden

IMG 1441Ferline wike gongen wy der fanút dat it kodûnsjen op snein 2 april hâlden wurde soe. Dêr geane wy noch hieltiten fan út, mar de waarberjochten foar snein wurde der net better op. Wy wolle op it lêst wol dat it moai waar is by it kodûnsjen.

As de kommende dagen bliken docht dat it waar op sneon geskikter is dan dat op snein, dan wurdt it kodûnsjen op sneon 1 april (!) hâlden. En dat is net in grapke.

Freed stjoere wy in nijsbrief mei de definitieve datum. Ast noch net foar it nijsbrief ynskreaun bist, skriuw dy dan yn.

It kodûnsjen fan 2017

neerslagNo't de earste kij hjir en dêr yn it lân der al wer út binne , like it my goed de sitewaasje op ús bedriuw oan te jaan. Ferline wike freed hawwe wy de dong op it lân brocht. De grûn wie doe krekt drûch genôch om mei licht materiaal op it lân wêze te kinnen.

Lês mear...

Alle fee wer nei bûten

IMG 0030Nei de wiete rite yn it begjin fan july moasten de kij en ek de keallen wer nei binnen omdat it lân te wiet wie. Mar no is alle fee al wer mear dan in wike folop bûten, lekker yn de greide sa ’t it heart.

En no mar hoopje op echt simmerwaar ...

Measte fee wer binnen

kijbinnenjulyTroch it wiete waar fan de ôfrûne tiid is it lân te wiet wurden om it fee noch weidzje litte te kinnen. Sûnt ferline wike freed steane de melkkij en de keallen wer op stâl. Allinne de hokkelingen rinne noch bûten. Sy ha in perseel dat wat heger leit en dêrom noch ridlik droech is.

Hooplik kin it fee letter dizze wike wer nei bûten. Kinne wy dit jier twa kear genietsje fan it kodûnsjen....

Lekker nei de boer by moai waar!

acherbiologischOp snein 19 juny (moarn dus) hâlde wy tusken 10.00 en 16.00 oere iepen dei. De waarberjochten binne goed; it skynt yn alle gefallen droech te bliuwen. Dat betsjut dat jo lekker de greide yn kinne, by de kij en it jongfee sjen kinne, of gewoan genietsje kinne fan it lânskip en fegetaasje.

Dêrneist kinne jo produkten fan Zuiver Zuivel priuwe en fersoargje wy in koarte rûnlieding op it bedriuw .

Ien puntsje fan oandacht: moarn wurdt de dyk by ús in skoftsje ôfsluten yn ferbân mei de Acht van Drachten, in rekreaasjeloop fan Beetstersweach nei Drachten. Tusken 14.00 en  15.00 oere is de dyk ticht.

Hooplik oant moarn !

Waarme en moaie kowedûns: se binne derút!

Mei prachtich waar binne de kij fan de moarn derút gongen. Ûnder it each fan in pear hûndert besikers, sprongen de kij en de kealtsjes it lân yn. Letter op de middei binne ek de hokkelingen nei bûten gongen.

No binne allinne noch in pear keallen yn de stâl, mar ek dy sille fan de wike it lân yn. De maitiid, nee miskien wol de simmer is begûn!

Filmke fan Maurice Hamming

Wy binne der klear foar, sneon 7 maaie kodûnsjen!

gjinfoertrochitfoerstekWy binne klear foar it kodûnsjen. It lân is frede, it gers grien en mei it waar liket it ek hielendal goed te kommen. Koartsein: de doarren sille moarn om 11 oere iepen gean. Wol freegje wy de besikers in pear hûsregeltsjes yn acht te nimmen.

Lês mear...

Sneontemoarn 11 oere sille de kij derút!

kij yn stâlEinlings is it safier. Kommende sneon om 11 oere krekt dogge wy de doarren fan de stâl wer iepen en kin it kodûnsjen begjinne. Elkenien is fan 10 oere ôf wolkom. De kofje stiet klear.

It Kodûnsjen sil hast heve ..... ?

sinneskyn

De waarberjochten foar de twadde helte fan de wike binne goed. As se útkomme en it lân droeget goed ôf, dan sille de kij (ûnder foarbehâld) it kommende wykein nei bûten ta en hawwe wy wer de jierlikse kowedûns. Sadree't de datum definityf is, stjoere wy in nijsbrief rûn.

Foarearst noch gjin kodûnsjen

Wy kinne foarearst de kij noch net dûnsje litte. It lân droeget wol moai op, mar de waarberjochten foar it wykein en de wike dêrop binne striemin en de lannen binne noch lang net droech genôch foar de kij.

Ek dit wykein noch gjin ko-dûnsjen

waarkaartsjeTroch de rein fan de ôfrûne wike is it lân noch hieltyd te wiet foar de it ko-dûnsjen. Hooplik wurdt it nije wike oft dy wike dêrnei as it waar it talit.

Kodûnsjen is útsteld

IMG 1441Spitigernôch moatte wy it kodûnsjen útstelle. It lân is noch te wiet en de waarberjochten jouwe oan dat it grif net droeger wurde sil de kommende dagen. Dat betsjut dat wy besletten hawwe de kij der yn alle gefallen yn de peaskedagen noch net út te litten.

Mocht it waar hiel bot tafalle en it waarberjocht net útkomme, dan is der in hiele lytse kâns dat it noch wol trochgiet, mar wy rekkenje dêr net op.

Miskien kodûnsjen op de peaskedagen

IMG 2117

As it dizze wike droech bliuwt en it op ien fan de peaskedagen ek droech is, is de kâns grut dat wy de kij derút dogge. It lân is no noch te sêft en moat noch in bytsje droechje foardat it de kij hâlde kin. Wy hâlde jimme op de hichte. Klik hjirre foar mear ynformaasje.

Ynformaasje oer de kowedûns

kealledunsLykas elts jier organisearje wy ek dit jier wer in kowedûns. Mar lykas ek elts jier is de dei dat it plakfynt sterk fan it waar ôfhinklik. Op dit stuit is it lân noch te fierstene te wiet (de kij soene it lân fertraapje as se no nei bûten ta gean soene), mar mei in droege noardeaste wyn kin dat fluch feroarje.

Troch de relatyf waarme hjerst en winter stiet der noch in soad gers, dus dêrom hoecht it net oer te gean.

In pear dagen foardat de kij derút geane, stjoere wy in nijsbrief dêr't jo je foar yntekenje kinne. Ek melde wy it op Facebook en Twitter.

Dongskieden en noch mear bokashi

IMG 3122Omdat de putten fol wiene, moast ferline wike de stront oerpompt wurde. De lêste jierren litte wy de dong skiede yn in tinne en in tsjokke fraksje. De tinne fraksje giet yn de dongsek en fan de tsjokke  fraksje meitsje wy Bokashi, teminsten dat besykje wy.

Lês mear...

Winterperioade

kij yn stâl

Bûtendoar izelet it op dit stuit en binnen is it droech en relatyf waarm. De kij steane binnen omdat it lân te wiet is. Hja soene it fertraapje as ik se no bûten litten soe. Troch de relatyf waarme novimber- en desimbermoanne, stiet der noch wol aardich wat gers yn it lân. As wy in bytsje droege maaitiid krije, kinne de kij wierskynlik betiid derút. Mar lykas aliten: it hinget fan it waar ôf.

Bokashi

seeskelpekalk bokashiYn de hjerst wurde alle jierren de sleatten hekkele om de wetterhúshâlding fan it lân ynoarder te hâlden. Dêrby komt in soad organysk materiaal (reit en oare wetterplanten) frij. Sûnt ferline jier meitsje wy dêr Bokashi fan. Dêrby wurdt seeskelpekalk en wurde klaaimineralen troch it hekkelguod dien. Dêrnei wurde skimmels en bakteriën derby dien om de fermentaasje goed ferrinne te litten. Takom' jier wurdt de Bokashi oer it lân útriden.

Sjoch by dyn ko

kij opheljeOp snein 21 juny hâlde wy in iepen dei. In moaie gelenheid om efkes by dyn ko te sjen ast der ien adoptearre hast. Se rinne lekker yn it lân.

Foar ús adopsjefreonen hawwe wy in boppedat in lyts presintsje klearlizzen. Kom yn de kunde mei dyn ko!

aek logo

Iepen dei op 21 juny oansteande

Lekkernaardeboer2015Op 21 juny hawwe wy in iepen dei. Elkenien is wolkom om by ús op it bedriuw te sjen. Jo kinne it lân yn en by de kij sjen, genietsje fan alles wat groeit en bloeit of gewoan efkes in bakje dwaan achter op it hiem. Niks moat, (hast) alles kin. Hooplik oant sjen op snein 21 juny. Fanôf healwei alven kin it heve.