In protte jonge kealtsjes

koeenkalfYn de betide maitiid, dêr't de kij al yn maart nei bûten gongen en de earste snede betiid oan de bult wie, binne der ek in protte kealtsjes berne.

Op de side stean in oantal foto's fan de kealtsjes mei harren mem. De kealtsjes sitte de earste pear dagen oan in lang tou fêst om se wenne te litten oan it tou. Dogge je dat net, dan ferwylderje se gau en binne se op lettere leeftiid net mear te hantearjen (en somtiden moatte je in ko wol efkes fêstpakke kinne).