Wy binne der klear foar, sneon 7 maaie kodûnsjen!

gjinfoertrochitfoerstekWy binne klear foar it kodûnsjen. It lân is frede, it gers grien en mei it waar liket it ek hielendal goed te kommen. Koartsein: de doarren sille moarn om 11 oere iepen gean. Wol freegje wy de besikers in pear hûsregeltsjes yn acht te nimmen.

Wy hawwe leaver net dat der op de kûlepakken en kûlebulten klom wurdt. Ek is it net snoad om foer troch it foerstek by de kij en keallen op de roasters te smiten. Wy moatte dat der nei de tiid allegear wer ôfhelje.

Fierder winskje wy elkenien in heerlike kowedûns. De kofje stiet fan 10 oere ôf klear.

 

 

 netopdekuilbultenHynsteblomkoblomkes