Foarstelling Kening fan de Greide goed slagge

simmerdeis1

Hjoed wie as ûnderdiel fan Simmerdeis, it kulturele festival yn de gemeente Smellingerlân, in theatrale lêzing fan de Kening fan de Greide op ús bedriuw.

Kening fan de Greide lit de striid fan de boer sjen dy't as iensume ûndernimmer him steande besiket te hâlden op de wrâldmerk en de striid fan de skriis dy't him besiket oan passen oan de hurd feroarjende biotoop. Wa is de baas op it boerelân? Mei de mins yngripe yn de natoer?

Op de foarstelling kamen likernôch 60 minsken ôf. Nei de foarstelling stie der foar de besikers in lunch klear.

 

 

IMG 3624 IMG 3625  IMG 3627  IMG 3628  IMG 3630  IMG 3639  IMG 3641